Hartehâlders lûke soad folk

© Omrop Fryslân
De iepen dei fan 'e Feriening fan Nederlânske Hertenhouders luts sneon in soad minsken. Hartebedriuw Bruinsma yn Ter Idserd luts tsientallen belangstellenden. De hartehâlders wurkje bist- en miljeufreonlik en wolle dêr it publyk foar ynteressearje.
By de Bruinsma's rinne de 80 fokherten en 75 jonge bisten hast it hiele jier bûtendoar. It fleis jild as fetearm, izerryk en sûn. It fleis wurdt op 'e pleats ferkocht.