Kampen - Harkemase Boys: 2 - 4

© Omrop Fryslân
De Harkemase Boys hawwe sneon de twadde helte fan it earder staakte duel tsjin Go Ahead Kampen goed útspile. De wedstriid waard op sneon 8 oktober staakt fanwege in blessuere fan de skiedsrjochter mei de rêststân 0-2.
Go Ahead Kampen kaam sneon yn 'e twadde helte noch werom op 2-2, mar troch doelpunten fan Remzi Baskocak en Robert Herder gie de folle winst dochs nei De Harkema. Drachtster Boys en ONS Snits hoechden sneon net te fuotbaljen.