Bilt betellet sanearing: huzebou

© Omrop Fryslân
In bydrage fan 'e gemeente foar it skjinmeitsjen fan de grûn kin nije huzen op it plak fan it eardere tankstasjon oan de Hermanawei yn Minnertsgea in stap tichterby bringe. Dat tinke B&W fan it Bilt. De gemeente soe goed 54.000 euro jaan moatte.
De grûn oan de Hermanawei yn Minnertsgea is slim fersmoarge. De wenningstichting kin it skjinmeitsjen net allinne betelje, mar wol dêr wol graach bouwe.