'Ferkear op B-diken sil tanimme'

22 okt 2005 - 16:50

By de oanlis fan de Sintrale As wurdt te min rekken hâlden mei de omjouwing fan de nije dyk. Dat fine alteast de ynwenners fan Sumar en Sumarreheide.

De nije dyk komt midden tusken de beide plakken yn te lizzen en dat smyt neffens it buertskip Sumarreheide in soad gefaarlike situaasjes op. Sa soe der op de B-diken rûnom Sumar mear ferkear ride en soene de fytsers bot yn de knipe komme. It buertskip hat in brief skreaun oan de gemeenteried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)