Kursus wurdboekskriuwe mislearre

© Omrop Fryslân
De kursus wurdboekskriuwe fan 'e Fryske Akademy yn Ljouwert is freed slim yn it wetter fallen. Alhoewol't de Akademy alle skoallen yn Fryslân oanskreaun hie, kaam der úteinliks net ien op de kursus ôf. Spitich omdat hast net ien wit wat it wurk krekt yn hâldt, sa tinkt leksikograaf Anne Dijkstra.
Op it stuit wurket de Akademy oan in nij Frysk wurdboek. It wurdboek moat in soarte fan Fryske Van Dale wurde en moat oer goed twa jier klear wêze.