Máxima hat famylje op 't Fean

22 okt 2005 - 15:28
Foto: Omrop Fryslân

In achterneef fan prinses Máxima hat him fanwege it reedriden festige op it Hearrenfean. It giet om de 20-jierrige José Ignacio Fazio, fan wa't de mem in folle nicht is fan Máxima.

Fazio rydt op it stuit yn it maratonpeloton, mar hy wol de earste profesjonele langebaanrider fan Argentinië wurde. Fazio kent Máxima trouwens net persoanlik. Se ha in hiele grutte famylje en dan is it dreech om mei elk kontakt te hâlden, seit er.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)