Mooglik asbest park Ljouwert

22 okt 2005 - 10:27
Foto: Omrop Fryslân

By graafwurksumheden by it boartersplak fan it Menno van Coehoornpark yn Ljouwert binne freedtemiddei stikjes plaatmateriaal oantroffen mei mooglik asbest. De gemeente Ljouwert hat it wurk direkt dellein. Om it plak hinne binne hekken pleatst om it risiko te beheinen.

Der wurdt no neier ûndersocht of der sprake is fan asbest. De omwenjenden hawwe in brief fan de gemeente krigen oer de te nimmen maatregels.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)