Aqua Zoo sil fûgels intsje

22 okt 2005 - 10:17

Bistetún AquaZoo yn Ljouwert wol sa gau as mooglik alle twahûndert fûgels intsje tsjin de fûgelgryp. De Europeeske Kommisje hat tongersdei tastimming jûn oan it ministearje fan lânbou yn Nederlân om fûgels yn bistetunen yn Nederlân te intsjen.

De feriening fan bistetunen, dêr't AquaZoo by oansletten is, hat wiken lyn al tariedings troffen foar it intsjen fan de bisten. Der is genôch intstof reservearre foar de twahûndert fûgels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)