Cambuur thús gelyk tsjin Top Oss

22 okt 2005 - 00:00

Cambuur spile freedtejûn mei 1-1 gelyk tsjin Top Oss. Dy stân stie al nei de earste helte op it skoareboerd. Top Oss kaam yn de 30ste minút op foarsprong. Op slach fan rêst makke Chris de Wagt de lykmakker foar Cambuur.

Cambuur wie de hiele wedstriid de bettere ploech mar it slagge net om de beslissende treffer te meitsjen. VVV giet no oan de lieding yn 'e earste divyzje; Cambuur stiet 14de mei 13 punten út 14 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)