Waar spilet brêgebouwers parten

21 okt 2005 - 15:55
Foto: Omrop Fryslân

De bouwers fan de nije Fonejachtbrêge oer it Prinses Margriet Kanaal by Garyp ha lêst fan it minne waar. Der moatte saneamde slytlagen oanbrocht wurde op de brêge, mar dêrfoar moat de ûndergrûn wol droech wêze.

Dêrom binne tongersdeitejûn tinten op de brêge set, sadat de ûndergrûn droech wurde kin. De útfierder ferwachtet dat sneontemiddei it wurk oan de brêge dien is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)