Op 'e nij ferlies foar Woon!Aris
De basketballers fan Woon!Aris út Ljouwert hawwe tongersdei yn de earedivyzje mei 90-86 fan Matrixx Magixx út Nijmegen ferlern.
Ek de twa eardere kompetysjewedstriden koe de ploech fan coach Tom Simpson net ta winst komme. Woon!Aris stiet no ûnderoan. Sneon moatte de mannen fan coach Simpson út tsjin Landstede út Swolle.