By Ljouwert hat ek foardielen

16 mrt 2012 - 12:54

De gemeente Ljouwerteradiel sil foar it earst sjen nei de foardielen fan in weryndieling mei Ljouwert. In mearderheid fan de ried stimde tongersdei yn mei in útstel fan it CDA.

It ûndersyk sil him earst rjochtsje op de oare gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Dêrnei sil de gearwurking mei Ljouwert ûndersocht wurde. Foar de simmer fan takom jier moat dan dúdlik wêze mei hokker gemeenten Ljouwerteradiel it bêste weryndiele kin.

Trefwurden: 
CDA weryndieling
(Advertinsje)
(Advertinsje)