Hearrenfean makket goeie start

© Omrop Fryslân
Hearrenfean hat in goeie start makke yn de groepsfase om de UEFA-beker. De ploech fan Gert Jan Verbeek spile yn Roemenie gelyk mei 0-0 tsjin Dinamo Boekarest.
Hearrenfean krige amper kânsen, mar koe benammen ferdigenend goed stân hâlden tsjin de heger ynskatten tsjinstanner. Yn deselde groep fan Hearrenfean wûn Marseille ferrassend yn Moskou fan de titelferdigener CSKA mei 2-1.