Hobbyboeren binne skeptysk

21 okt 2005 - 10:46

Hobbyboeren yn Fryslân hawwe gjin betrouwen yn de maatregels tsjin de fûgelgryp. Se tinke dat it probleem net leit by de trekfûgels sa't it ministearje seit, mar by toeristen. Dy soene it firus maklik meinimme kinne út gebieten dêr't fûgelgryp foarkomt.

Fan moandei ôf moatte de hobbyboeren harren plomfee ek binnendoar of ûnder in ôfdak en achter gaas hâlde. Sa soene de fûgels net mear yn kontakt komme kinne mei trekfûgels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)