Topruter nei Yndoar Fryslân

© Omrop Fryslân
Yndoar Fryslân hat in topruter binnen helle foar de Grutte Priis fan oankommende snein. De topruter is de Brit Robert Smith en hy stiet op dit stuit 25-ste op de wrâldranking. Smith ried dizze wike noch in wedstriid yn Las Vegas.
Mei Smith hat Yndoar Fryslân in dielnimmersfjild mei trettjin ruters en amazones út de top-hûndert. It evenemint is yn it FEC yn Ljouwert en duorret fan tongersdei oant snein.