Aaisiker skuldich, gjin boete

© Omrop Fryslân
De man út Weidum dy't fan't maaitiid yllegaal ljipaaien socht hat, is wol skuldich, mar hy kryt gjin boete. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdei besletten. De man hie aaisocht wylst er wist dat it net mocht.
Mei sa'n 50 minsken op de publike tribune wie der in soad belangstelling foar de saak. De rjochter hat besletten de man gjin boete op te lizzen om't it ferbod op aaisykjen midden yn it seizoen kaam.