Subsydzje foar boerehiemen

20 okt 2005 - 17:21

Bewenners fan in boerepleats yn Súdwest-Fryslân kinne subsydzje krije om har hiem fakkundich op te knappen of oan te lizzen. Se kinne dan terjochte by Lânskipsbehear Fryslân. Dy organisaasje stribbet dernei om de boerehiemen te behâlden. Minsken kinne ek adfys freegje of in kursus folgje. De pleats en it hiem moat wol in dúdlike lânskiplike of kultuerhistoaryske wearde ha. It makket net út oft der noch buorke wurdt of net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)