Suderseeline: alle opsjes iepen

© Omrop Fryslân
It team fan saakkundigen dat it kabinet ynsteld hat om de diskusje oer de Suderseeline te folgjen, hâldt sels noch alle opsjes iepen. Dat seit de foarsitter fan de kommisje.
Minister Peijs fan Ferkear en Wettersteat hat it team ynsteld om't sy der wis fan wêze wol dat sa'n grut projekt goed oanpakt wurdt. Earder foel de oanlis fan de Betuwelijn folle djoerder út as pland. Dat moat mei it adfys-team foarkommen wurde.