Net alle skoallen jouwe Frysk

20 okt 2005 - 10:15

Seis persint fan de basisskoallen yn Fryslân jout gjin Frysk, wylst dat wol ferplichte is. Dat hat de ynspeksje foar ûnderwiis bekendmakke op in sympoasium oer Fryske les. Neffens de ynspeksje is der gjin ûnwil, mar witte skoallen net om te gean mei it ferskil yn nivo yn it Frysk fan de bern.

Op it sympoasium is ek it nije Learplan Frysk presintearre. Dat moat der foar soargje dat op alle basisskoallen op alle nivo's goed Fryske les jûn wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)