Fryslân Faart: mear as kultuer

20 okt 2005 - 09:37
Foto: Omrop Fryslân

Fryslân Faart rjochtet him by de edysje fan takom simmer net mear inkeld op kultuer, mar ek op de wettertechnology en de ekonomy. Dat makke de foarsitter fan it evenemint, sakeman Jos Pâcques, woansdei bekend.

De nije tema's moatte mear bûtenlânske gasten lûke. Yn de wike fan Fryslân Faart is yn Ljouwert ek in ynternasjonale konferinsje. De kultuer by de farrûte del komt oan bar yn in film fan Pieter Verhoeff.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)