Te folle leven op wurk gefaarlik

© Omrop Fryslân
By opliedingsbedriuw Technopark op It Hearrenfean wie woansdei in foarljochtingskampanje oer de gefaren fan te folle leven op it wurk. It fakbûn FNV docht dat fanwege de 'Europeeske wike fan it Lawaai'.
De njoggentich learlingen waarden op direkte wize mei leven konfrontearre troch in auto mei megaboksen. Sa moatte se bewuster wurde fan de effekten fan hurde lûden. It FNV jout dizze wike rûnom foarljochting oer lawaai.