Soad ekstern personeel provinsje
It slagget de provinsje mar net om te besunigjen op de kosten fan ekstern personeel. Provinsjale Steaten joech deputearre Ploeg de opdracht om minder minsken fan bûten yn te hieren, sadat der besparrre wurde koe.
Der binne no wol minder útstjoerkrêften en organisaasje-adviseurs yn it provinsjehûs. Dêr stiet tsjinoer dat in soad ekstern technysk personeel bykaam is. Dat komt trochdat der hieltyd mear grutte projekten útfierd wurde.
Trefwurden:
argyf