Stellen byld master Keimpe werom

19 okt 2005 - 14:13

It byld fan master Keimpe Sikkema is werom op De Westerein. It stie woansdeitemoarn ynienen foar de doar fan foarsitter Jan Bergsma fan Doarpsbelang. Bergsma wie alhiel ferstuivere, doe't er it seach. It byld mankeart net folle oan. Inkeld oan de ûnderkant is der in stik ôfbrutsen.

It bliuwt in riedsel wa't it byld stellen hat en wêrom. It byld fan Keimpe Sikkema is begjin oktober fan syn sokkel helle en ferdwûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)