Mobyl stimme yn Smellingerlân

© Omrop Fryslân
Stimmers meie by de kommende gemeenteriedsferkiezings yn Smellingerlân sels in stimburo útsykje. In riedskommisje gie dêr tiisdei mei akkoart. De leden fine it eksperimint fan minister Pechtold fan bestjoerlike fernijing it besykjen wurdich.
Nei de ferkiezings wurdt it mobyl stimmen hifke. De gemeenteriedsferkiezings binne takom jier maart. Mear Fryske gemeenten geane oer ta mobyl stimmen.