'Kreakers net feilich yn pleats'

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân tinkt dat de twa kreakers dy't op De Gordyk in pleats kreake hawwe, yn de takomst faker it slachtoffer wurde fan fernielings en agresje. Dat brûkte boargemaster Sicko Heldoorn moandei yn in koart pleit yn Ljouwert as it wichtichste argumint om de kreakers út de pleats te setten.
De gemeente seit sinjalen binnen krigen te hawwen dat ek jongeren út oare gemeenten plannen ha om de buorkerij oan te fallen.