Fúzje Vluchtelingenwerk

© Omrop Fryslân
Vluchtelingenwerk Fryslân regelet fan 1 jannewaris ôf de aktiviteiten út it sintrale kantoar yn Ljouwert wei. De bûtenkantoaren yn Drachten, Dokkum, Harns, Stiens en op It Hearrenfean bliuwe wol iepen. It beslút foar de reorganisaasje is moandei nommen. By Vluchtelingenwerk Fryslân wurkje twahûndert meiwurkers. Se biede help oan flechtlingen, mar ek oan gemeenten by yntegraasje fan nijkommers.