Tsien moatte dochs noch sitte

19 okt 2005 - 10:07

Plysje en justysje ha moandei tsien Friezen oppakt dy't noch in selstraf útsitte moasten. It giet om ynwenners fan Drachten, Ljouwert en it Hearrenfean.

In 23-jierrige Ljouwerter spande de kroan: hy moast noch 222 dagen yn de sel trochbringe. Meiïnoar hawwe de tsien noch 687 dagen selstraf te goede. De tsien waarden oppakt omdat der op it stuit wer wat mear romte yn de finzenissen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)