Keninklike besite oan Fryslân

© Omrop Fryslân
Kening Al Hussein en Keninginne Rania fan Jordanië sille ein novimber in besite bringe oan Fryslân. It keninklik pear bringt op útnoeging fan keninginne Beatrix in steatsbesite fan trije dagen oan Nederlân.
Sy sille ûnder oare besites bringe oan Amsterdam, Den Haach en Fryslân. Wat de Jordaanske kening en keninginne krekt yn Fryslân dwaan sille wurdt pas heal novimber bekendmakke troch de ryksfoarljochtingstsjinst.