Airbags út alve auto's stellen

16 mrt 2012 - 11:48

By in garaazjebedriuw oan De Knobben yn Drachten binne út alve auto's de airbags stellen. Tusken woansdeitejûn en tongersdeitemoarn hawwe de dieven harren slach slein.

De sydrútsjes fan de auto's binne fernield om by de airbags komme te kinnen. It is net bekend hoe grut oft de skea is.

Trefwurden: 
stellerij garaazje airbags
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)