Arjan Hut wint Steven Sterkpriis

17 okt 2005 - 17:32

Stedsdichter Arjan Hut krige sneon op Liet de Steven Sterkpriis foar de bêste Fryske Liettekst fan 2005. Hut krige de priis foar de tekst fan it nûmer 'Mata Hari', dat útfierd waard troch Donna Wouda en de Harelama Show. Dit nûmer waard fyfde yn de Liet-kompetysje.

Neffens sjeuryfoarsitter Hessel van der Wal stutsen twa teksten mei kop en skouder boppe de oaren út. Van der Wal joech 'Elektroanikafamke' fan Xigatze in earfolle fermelding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)