Stynsgea krijt sfearferljochting

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen is akkoard gien mei it pleatsen fan sfearferljochting op it Abrahamsplein yn Stynsgea. Doarpsbelang hie hjir ta in fersyk dien. De kosten binne 4000 euro en komme foar rekken fan it doarp. Yn it sintrum fan Stynsgea binne noch mear feroarings geande.
It Abrahamsplein moat yn de nije opset as in sintraal moetingsplak tsjinje, dêr't allerhande aktiviteiten plakfine kinne.