Veerman wol Waadsee op list

© Omrop Fryslân
Minister Veerman fan lânbou en natoerbehear hopet by de Dútske en Deenske oerheid op stipe om it Waadgebiet op de Wrâld-erfguodlist te krijen. It bedriuwslibben yn it Noarden is benaud dat der beheinings komme op ekonomyske aktiviteiten.
Veerman ferwachtet dat in notearing op de Unesco-list soarget foar mear toerisme. Yn novimber sil Veerman mei syn Dútske en Deenske kollega's op Skiermûntseach te set oer it ûnderwerp.