Drugshannelers oppakt

17 okt 2005 - 14:17
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat in 47-jierrige man út Lemsterlân en in 17-jierrige man út Den Haach oanhâlden fanwege de hannel yn drugs. De man út Lemsterlân hie nei alle gedachten tusken de fjirtich en de fyftich klanten.

Yn it hûs en de auto fan de man út Lemsterlân fûn de plysje hard-drugs en jild. De man soe de drugs kocht ha fan de oare fertochte, de man út Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)