Bekeuring foar brantsjestoker

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn foarkomme kind dat in 17-jierrige jonge fan 'e Jouwer in bulte ôffal yn 'e brân stuts yn de Midstrjitte. Hy makke diel út fan in groep fan 25 jongerein.
Twa plysjes seagen dat de jonge besocht in bult kartonnen doazen, plestik en papier yn 'e brân te stekken. De jonge krige dêr in proses-ferbaal foar. Sân plysjes hawwe holpen de rest fan de jongerein út de Midstrjitte te krijen.