Mooglik mear jild foar Oerol

16 okt 2005 - 17:07

It Oerolfestival op Skylge krijt de kommende twa jier mooglik mear subsydzje fan de gemeente. It jild moat komme út de toeristebelesting. Dêr komt in nij systeem foar, mar it is noch net dúdlik wat it krekt opsmite sil. Oant dy tiid soe de subsydzje betelle wurde moatte út it rekreaasjebudzjet.

Oer twa jier wurdt besjoen oft de toeristebelesting genôch opbringt om struktureel subsydzje foar Oerol beskikber te stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)