Kreakers meie dit wykein bliuwe

© Omrop Fryslân
De twa kreakers fan in leechsteande pleats yn De Gordyk meie dêr dit wykein noch gewoan sitten bliuwe. De gemeente woe har der úsette foar har eigen feilichheid. De kreakers binne bedrige, in freon fan har waard sels mishannele.
Ek is de pleats hjir en dêr fernield troch fandalen. De gemeente woe de kreakers beskermje troch se der útsette te litten. De gemeente is dêrop weromkaam om't der moandei noch in rjochtsaak is oer de pleats.