Aris ferliest ek twadde wedstryd

16 okt 2005 - 12:30

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn ek harren twadde wedstryd ferlern. Yn Sporthal it Kealledykje wie Cape Holland út Den Helder mei 87-81 te sterk foar de mannen fan koach Tom Simpson.

Aris seach hast de hiele wedstryd tsjin in efterstân oan. Allinnich flak nei it skoft stie der in foarsprong fan ien punt op it skoareboerd. Oan de ein dienen twa miste frije worpen en in skoare oan de oare kant Aris de das om.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)