Winst foar Fryske haadklassers
Drachtster Boys hat de earste oerwinning pakt fan dit seizoen yn de haadklasse C. Yn de útwedstriid waard ferrassend mei 1-4 wûn fan Dos Kampen.
ONS Snits bliuwt de grutske koprinner. Yn Wierden waard mei 2-3 wûn fan SVZW. Harkemase Boys krige in flinke domper te ferwurkjen. Yn de topper tsjin de nûmer twa, SC Genemuiden, kamen de Boys 3-1 foar, mar úteinlik waard it 3-4 foar Genemuiden.
Trefwurden:
argyf