ATB-treinsysteem no oeral

© Omrop Fryslân
Mei de ynstallaasje fan it saneamde ATB-systeem op it spoar fan Ljouwert nei Harns en Starum wurdt de lanlike ynfiering fan 'e feiligheidsmaatregel ôfsluten. It systeem soarget derfoar dat treinen stilhâlde as dat moat.
Allinnich op de twa Fryske spoarlinen wie it systeem noch net ynstallearre. Dat bart sneintenacht tusken Ljouwert en Harns. Ljouwert-Starum is yn it wykein fan sneon 26 novimber oan bar. As it moat, set Noordned bussen yn.