SDS skoart en wint fan BCV

15 okt 2005 - 17:09

De Fryske derby tusken SDS en BCV yn de Earste Klasse E is wûn troch SDS. Yn Easterein waard it 2-1 foar de promovendus. Neist de oerwinning skoarde SDS foar it earst nei seis wedstriiden wer ris in doelpunt. Floris_Hiemstra krige de ear.

Nei rêst makke Roelof_Koop de lykmakker, mar Durk-Yde Sjaarda waard matchwinner troch de winnende te meitsjen. Hjirtroch stiet SDS no net mear lêste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)