Projekt 'Energiek Lopen' begûn

© Omrop Fryslân
It projekt 'Energiek Lopen' fan soarchfersekerder De Friesland is sneontemoarn fan start gien yn it Abe Lenstrastadion. Der diene sa'n 50 hurdrinners oan mei, dat oantal foel wat ôf.
Doel fan it projekt is om minsken op in ferantwurde wize oan it bewegen te krijen. Mei help fan in trainingsdeiboek en in trainer wurde de rinners maksimaal 24 wiken begelaat. Se wurde ûnderbrocht by atletykferienings yn it Noarden.