Mienskiplike gearkomste P.Jelles

15 okt 2005 - 14:30

Alle direkteuren en ûnderdirekteuren fan skoallemienskip Piter Jelles bliuwe achter de foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de skoallemienskip stean. Dat ha se freedtemiddei útsprutsen yn in mienskiplike gearkomste.

Tongersdei sei in part fan it personiel fan de Montessori-festiging fan Piter Jelles it betrouwen yn de foarsitter op. De ried fan tafersjoch oerleit op it stuit mei alle partijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)