Keunstwurk op gefaarlik plak

© Omrop Fryslân
Twizelerheide krijt in nij keunstwurk op in risikofol plak oan de Bjirkewei. It giet om in spesjaal stek fan trije meter heech.
Oan de Bjirkewei binne alle jierren nijjiersbrannen wêrtroch't de kâns op fernielings grutter wurdt. Neffens de gemeente Achtkarspelen binne der gjin oare lokaasjes dêr't it stek stean kin. Dêrom wolle boargemaster en wethâlders in fersekering ôfslute foar it keunstwurk.