Groeikeapwenning foar starters

© Omrop Fryslân
Wenningstifting Kollumerlân komt yn Kollum mei groeikeapwenningen foar starters. It idee is ûntwikkele yn gearwurking mei in boubedriuw en in bank.
In starter keapet yn dit gefal allinne it hûs, mar net de grûn. Boppedat is it hûs ek noch fleksibel: je kinne der stikken bybouwe. De wenlesten fan de hûzen komme út op sawat 400 euro yn de moanne. De plannen wurde nije wike presenteard oan belangstellenden.