Dales tsjin selektyf fûllearjen

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert sjocht neat yn selektyf fûllearen. Dat seit er yn reaksje op in ûndersyk oer it prefentyf fûllearen.
Neffens dat ûndersyk kostet willekeurich fûllearen in soad jild. Boppedat wurde der dan minder wapens yn beslach nommen as wannear't it selektyf bart, bygelyks op grûn fan leeftyd. Dales wol dêr neat fan witte. Hy wiist op it gefaar dat minsken dan in negatyf stempel opdrukt wurdt.