Afgaansk gesin hat ûnderdak fûn

© Omrop Fryslân
It Afgaanske gesin dat fannewike út it azc fan Burgum set is, hat ûnderdak fûn yn Tytsjerksteradiel. In partikulier hat foar langere tiid wenromte beskikber steld. De famylje mei heit, mem, trije bern en in ynvalide beppe, waard earder fannewike op strjitte set. Se ha neffens de wet gjin rjocht mear op opfang.
De gemeente mei formeel neat foar har dwaan, mar hat it gesin dochs trije nachten ûnderbrocht yn in pensjon.