Man mei gewear yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn de Derde Woudstrjitte yn Snits in man fan 27 út dy stêd oanhâlden omdat er mei in gewear op de dyk rûn. De plysje hie dêr ferskate meldings oer krigen. Doe't ser dêr kamen, wie de man yntusken in hûs yngien, mar hy kaam wer bûten doe't er de plysjes seach.
De man is fuortendaliks oanhâlden en meinaam nei it buro. Yn it hûs waard it gewear en ek noch in mes fûn. Wêrom't de man mei it gewear nei bûten gien is, is net dúdlik.