Unrêst âlden learlingen P.Jelles

15 okt 2005 - 07:49

Alden fan bern dy't op it Piter Jelles Montessori yn Ljouwert sitte, meitsje har soargen oer de situaasje op skoalle. Guon tinke der sels oer om har bern fan skoalle te heljen. Se binne skrokken fan de ynterne problemen en it konflikt tusken dosinten fan it Montessori en de bestjoersfoarsitter.

De foarsitter, Peter Nieuwstraten, moat opstappe, sa fynt in part fan it personiel. De meisizzenskipsried, MR, is it dêr net mei iens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)