Cambuur ferliest fan Omniworld
Cambuur hat freedtejûn in pynlike nederlaach oprûn tsjin Omniworld, de nije ploech yn de earste divyzje. Yn Almere waard it 2-0 foar Omniworld. Nei rêst makke Van der Heyden de earste goal. Tsien minuten foar tiid waard it 2-0 troch Edwin van Ankeren. Twa minuten foar tiid krige Ars fan Omniworld in reade kaart.
Cambuur stiet no fyftjinde mei tolve punten út trettjin wedstriden.
Trefwurden:
argyf