Devonne Giles nei Woon!Aris

© Omrop Fryslân
Woon!Aris hat mei Devonne Giles in ferfanger fûn foar Ed Dotson. Omdat de center ôfrûne wike nei in klub yn Portugal ferhuze, moast Aris fluch op syk nei in nije spiler.
Devonne Giles komt fan it bekende universiteitsteam fan Texas. Dy ploech spilet yn de Big 12, de belangrykste college-divyzje yn de Feriene Steaten. De 22-jierrige Amerikaan is 2,03 meter lang en nimt de center-posysje oer fan Ed Dotson.